Frij en kosteleas advys foar auteurs en fertalers. Yngeande redaksjonele begelieding.












Nijs


Black Lives Matter


Goasse Doekeles Brouwer

Hjirûnder folget in epistel yn poëtys proaza ûnder de titel Gjin frjemdling mear, nei oanlieding fan Black Lives Matter. Ik ferpleats my dêryn nei de tiid fan 1965 - dan bin ik in jonkje fan tsien - en ferbyn dy mei it No. Skrik net, it is ferskriklike rassistys. Dy skiednis wurdt hjir net ferblomme.

Swarte libbens binne belangryk - it moast der ek noch bykomme!
Nasjonalisme-chauvinisme-diskriminaasje-slavernij. Is sok kwea net út te rûgjen? Nasjonalisme misbrûkt nasjonaliteit, dat wêzentlik behearre kin ta immen syn yndividuele identiteit; teminsten, at je der sels in sin by ha en der sin oan ha.

No binne der dan Boddertochten fan ’e Jongfryske Mienskip (hiemside), dy’t in tradysje wurde moatte sille. Mei betinkingen, by ûnder oaren Douwe Kalma, dy’t yn ’e oarloch oan ’e fassistyske kant stiet en dy ideeën neitiid net herropt. Yn ien azem wurdt samar it grêf fan Doekele Gerbens Brouwer te Bitgum beblomme.
Blommen bloeie yn ’e simmerwyn. Über Gräben weht der Wind. Wann wird man je verstehen.

 

GJIN FRJEMDLING MEAR

 

At je se net byhâlde
ferkomme dy blommen
op dy beklomme sark,
houd en beslein út it onbeflekt granyt,
ferdomme noch oan ta man.

In oplein beblomme kiste,
dêr’t de persoan yn kwesty
in wearzge tsjin behâlden hat.
Lit de blommen út harsels komme, komme, komme.

Unwittenden,
dy hele bêste minsken,
bedogge har by jo grêf heit.
Goedbedoeld - it slûpende gefaar!
Brune himden’? by in tichtbedolde djippe falkûle
jit fan ’e kâlde grûn
- dat wol mar net útwrotte.
Onpaslike frijpostichheid, is dat it wurd?
Dêr komt it wol sawat op del ja.
Tink nei betinkers.

Wa hat de fertoarre delslach opromme?
De stien rehabiliteard, herkleard
fan dy besmettelike
xenofobyske ôfrekkenkultuer?
Van vreemde smetten vrij.

Wat in frjemde tastân heit,
dy tagepaste werklikheid.
At je de hele tiid oer eigen, eigen, eigen beare
- en dat besit besitte en besitte en besitte wolle.
Eigen folk earst, earst, earst.
Oe, hearst út ’e fierte wei
d‘ oanboazjende sprekkoaren fan ’e massa,
opswypke, brinzgjende as hynders?
It sûzen net fan wyn, mar fan ’e sizende kûgels?
It is al wer goed mis,
dat kin de jongste generaasje
moai konstateare,
konstateare,
konstateare.

Jo skerpe donkre eagen
skipe fan jo skaai
út súdlik Europeesk kontrei
- jo sizzen heit:
‘Neurenberg yn eigen hert’
dat ferjit ik net.

Wy binne net fan ‘baasskap’ heit -
neame se soks in trochsketten ‘statement’?
Apart.
Spilet de 
Apartheid op?
Apart om soks te fergelykjen?
Nasjonalisme, is dat it djipst-fallen grutske kwea?
It ûndergrûnet ús en dêrop folget dus de dea.

De sinneskyn wjerkeatst dyn namme no.
De wolken roppe: Dêr bisto! Helder op dy.
De inketswarte nacht driuwt no foargoed foarby.
De moanne o sa tichteby, ferheft syn ljocht yn dy.
It kleare stjerre-eachweid en de ile wyn oer alles hinne.
Ferklearring fan ’e ôfstân
wol-foldien.

Wy steane op ’e nij wer op.
Der is gjin frjemdling mear.
Daar is de vreemdlingschap vergeten.
En wij, wij zijn in ’t vaderland
- hjir en Anno No -
yn dizze stjerlike bedeling,
dat is de bedoeling,
as ’t even kin,
no heit?

Hy docht no syn oerfloedige foartreffelike sneinsgebed
oer it damasten lekken hinne,
tin tin tin befruchtige yn ’t Heine Easten.
Yn it fermidden fan de heel ontfankelike mem,
de sân oansette bern,
de sprekwurdelike ongetroude muoike
en Wijke de faam, ynwenjende,
se hat har eigen ûnderkommen,
achter yn it kelderskeammerke,
dêr’t se sa lekker sliept.

Selsmakke krêmich sop fan Berltsumer tomaten,
by de ierappels dy ferrukkelike seane griente,
de sappige oerdiedige skarlekken fleispotten fan Egypte,
de fromme lakerige oranje sinesappels út de Libanon
op it sniewite, toch te wite kleed.
Wa hat se mei de handige hantsjes plôke
foar hokke ûndernimmer witwêrsanne, wêre?
En dêropta de baktaart,
of de waarme bakken mei de smots
fan appels út ús hôf,
en rynsk besprinkele mei kirsch,
de foarname sûkelade
- molke boarstplaat en ek o sa puer -
optsjinne yn ’t djoerabelste Delftsblau
foar ús yn sulver brekber onbefongen.
Alles smakelik genottere
neffens it bestek der V.O.C.-mentaliteit,
sa’t de lju dan plichtsje te belearen.

Betinkende
Black Lives Matter.
’t Gewillige beminnelike
tankber knikkend famkesholtsje,
as se in stuorke yn har bakje wurpen krijt,
Moriaantje zo zwart als roet,
dat earme flarde.
Moai glêd opferve trouwens,
fûlreade lipkes
hitsich troch wite kristelike manljushannen
yn it hout besnien,
de folle boarstkes pront foarút,
dy negerfankes eigen
- fan wa syn bloed?
Ik hâld fan har,
it tear eksoatysk fel miskyn, dat ek,
dat rûkende muskaat geheimenis har djipten yn,
net fan har liif sa sear allinne,
mar alles ien,
har leave geast
ûnder har swarte krolle holleplasse -
dat simpele oandwaanlike gemoed fan primitive folken,
se binne ommers foar in part noch heidensk,
en erges faak te fleurich, te wolgemutst,
en ja, se dûnsje ek nochal,
wy bidde no foar har -
en har weemoedich hert,
o brek it net.
Ik bin te jong.
Ik ken it net. Ik kin it net.
Wy ha by it oannimmelik deemoedich tankgebed
yn ’t suvere damast
ûnder de jonge fingers
har swiete kokosmolke rinne litten.

Even helendal stil.

Hoe soenen wy dan provoseare?
Okee.
Mar it ferline stjit toch evensagoed
altyd onferfalske troch?
Presys.
Hjir presinteare wy
de tichtebije nije slavernij.

Eksakt.
Moandeitemoarns om healwei sânen,
it kroast yn der ivichheid wer nei De Bodde.
De fergaderboer hat dy feitelike namme
klearkrigen nei ûntichelik gesteggel
jit mei de De Keamer Der Keaphannel
dat it lân sa überhaupt wol hite mei.

Ropt dan de rjochtfeardige klaai, de klaai, de klaai
de moderne slaven.
Jimme derhinne, derhinne, derhinne.
De solidariteit.
De arbeiders side oan side
om de ierdappels út ús Nasjonale Grûn te klauwen.
De Nasjonaliteit,
de Nasjonaliteit,
de Nasjonaliteit,
hegerop yn gefjocht
by It Rjocht Beroppen
en segefierend ynhelle,
it presedint is skept.
No jimme,
folgers.

No moat de dichter him eins net fergaloppeare
mei ronkend taalgerattel, dito gerammel.
Foetstaps.
Pas op de plaats.
Op de plaats pas.
Ho!

Kâldoan bestoarn yn hill’ge rein.
Op knibbels yn ’e blauwe drek deun nei my oan.
Oan ’e Middelseedyk,
it lân dêr’t wy op dolle
ha wy betreklik romme,
’t is ommers ek al hast wer droech, seisto
- en yn ús holle wolle ús gedachten libjend wetter wêze,
dy geane oer de hele weareld hinne.
Dyn tsjuster stribbich Wâldpykhier,
myn ljochte Biltse prúk fan meigeand flaaks.
Wy binne Ien,
no Wobbes?

Wat binn’ dyn smoarge grauwe
blauwe arrebeidershannen waarm
dy’t oer myn boaikeshollebrein bewittend hinnegean.

Dan pakst myn wetich kopke stevich beet
en werpst ús sear samar ynienen yn ’e see
fan ivige ferjittenis.

 

Nijste útjefte

1

4

€ 20,00

 

 



Op de kommende wei

Op kommende wei is spannend wurk fan Reinder R.R. van der Leest:

Dossier Dynte-Nier, de acht speurdersromans byinoar foege, mei in Foarlieding fan Jaap Krol en in Kollaazje fan getugen mei poëzy en byldzjend wurk.

By it útkommen fan dy útjefte is in tentoanstelling te besjen oer libben en literêr- en byldzjend wurk.

Lange-termyn-projekten:
Samle fersen fan Rixt
Samle fersen fan Ella Wassenaer
De Fryske en Nederlânse Samle fersen fan Theun de Vries
Samle koart wurk fan Hylkje Goïnga

 



 GENEALOGY

  sjoch Erfgoed Fundaasje